UPDATE: Oerstekkende fytser oanriden yn Ljouwert

11 nov 2015 - 09:30

Yn Ljouwert is tiisdeitejûn in 21-jierrige fytser slim ferwûne rekke by in botsing mei in auto. De fytser stuts de westlike ynfalswei oer by de Johannes Brandsmawei. Op dat plak binne stopljochten. De auto waard bestjoerd troch in 36-jierrige Ljouwerter. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.

De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok krekt barre koe. De wei rjochting Deinum hat fanwegen it ûngelok in setsje ôfset west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)