Sinnepanielen op ierappelloadsen yn Slappeterp

10 nov 2015 - 17:09
  • Sinnepanielen

Op it dak fan de ierappelloadsen fan it bedriuw Fokkema yn Slappeterp komme sinnepanielen. Dy kinne de kommende sechtsjin jier stroom leverje oan tusken de hûndert en 150 húshâldens. It plan is in inisjatyf fan de enerzjykoöperaasje EKON. It wurdt betelle mei stipe fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy en fan partikulieren.

Begjin takom jier moatte de sinnepanielen stroom leverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)