Lûde muzyk nei 1 oere nachts mei net mear op Psy-Fi-festival

10 nov 2015 - 16:43

Klachten oer lûdsoerlêst en besikers dy't it yn de boskjes diene. It dancefestival Psy-Fi yn Ljouwert ferrûn fan 't simmer net sûnder problemen. Dêr wol de gemeente Ljouwert wat oan dwaan mei nije regels. Sa mei alle nachten nei 1 oere gjin lûde muzyk te hearren wêze fan it festivalterrein ôf. Fierders moat snein de lêste dei wêze, en net moandei.

Psy-Fi duorret fiif dagen. It festival is yn rekreaasjegebiet Griene Stjer by Ljouwert. Dit jier kamen der 15.000 besikers út tachtich lannen op ôf.

Lûdsoerlêst
De gemeente hat alle klachten ûndersocht en dêr in rapport oer skreaun. Omwenners klagen dit jier 259 kear. De measte klachten giene oer te lûde muzyk. Ferline jier wie dat noch 141 kear. Tenei mei nachts nei ien oere gjin lûde muzyk mear draaid wurde. 

Skea
De organisaasje moat tenei yn 't foar 50.000 euro oan de gemeente betelje as 'boarch'. Dêr kin eventuele skea ek fan betelle wurde. Dit jier is der foar 65.000 euro stikken gien op it terrein. Sa ûntstie der in gat yn in brêge en giene it gers en skulpepaadsjes stikken.

Yn 'e boskjes
De omwenners klagen ek oer it 'toiletgedrach' fan de besikers. Der wiene net genôch húskes. Dêrom diene in soad festivalgongers it yn de boskjes. De grutte ferkearsstream yn oanrin nei it festival moat ek better regele wurde. Dan hawwe helptsjinsten frij baan en kinne húskes op 'e tiid teplak set wurde. 

Goede sfear
De gemeente is fierders goed te sprekken oer de besikers en de sfear op it festival. Der wiene amper ynsindinten mei geweld en stellerij. Psy-Fi is boppedat weardefol fanwege de ynternasjonale útstrieling, sa stiet yn it rapport. Psy-Fi lûkt minsken út tachtich lannen en is unyk Europa. 

Psy-Fi 2016 noch net oanfrege
De organisaasje hat noch gjin fergunning oanfrege foar in nije edysje. As dy der wol komt, sil de gemeente ris goed prate mei de minsken dy't it organisearje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)