F16 makket foarsoarchslâning op fleanbasis Ljouwert

10 nov 2015 - 15:19

In F16 makke tiisdeitemiddei in foarsoarchslâning op de fleanbasis fan Ljouwert. It tastel kaam út Volkel. De piloat krige yn de cockpit in melding dat der wat mis wie.

Ut foarsoarch sette er it tastel yn Ljouwert oan de grûn. Dat ferrûn sûnder problemen. De helptsjinsten stienen paraat, mar hoegden net yn aksje te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)