Cambuur set assistint Sandor van der Heide oan de kant

10 nov 2015 - 14:38

Sandor van der Heide is net langer assistint-trainer by Cambuur. Hy wurdt troch it bestjoer oan de kant set, omdat it bestjoer fynt dat, sjoen de minne resultaten fan de ôfrûne tiid, in oare ynbring yn de technyske stêf nedich is. Wa't Van der Heide opfolget, is noch net bekend, it bestjoer hopet op koarte termyn mei in ferfanger te kommen.

Van der Heide ferlit Cambuur net. Hy krijt in plak yn it analyze- en scoutingteam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)