Ljouwerter boubedriuw P.A. Wiersma makket in trochstart

10 nov 2015 - 14:34
  • It materiaal leit klear

It Ljouwerter boubedriuw P.A. Wiersma makket in trochstart. Twa wiken lyn ferklearre de rjochter it bedriuw fallyt. Boubedriuw Kolthof út Stiens hat P.A. Wiersma en al it personiel oernaam.

De nije ûndernimming bliuwt yn Ljouwert en giet fierder ûnder de namme P.A. Wiersma Bouwmaatschappij. Kolthof wol de namme fan it 111 jier âlde P.A. Wiersma graach hâlde om't it yn de rin fan de jierren in begryp wurden is. Nei de oername telt Kolthof no 50 meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)