Man ramt pylder fan garaazjebedriuw Easterein

10 nov 2015 - 13:49
  • De garaazje yn Easterein

In 40-jierrige man hat moandeitemiddei in pylder fan in garaazjebedriuw yn Easterein ramd om't er fûn dat syn auto net gau genôch reparearre wurde koe. Troch de oanriding mei de pylder rekke in doar ferset.

De man út de gemeente Littenseradiel easke dat meiwurkers syn auto fuortendaliks reparearje soenen, mar dat koe net. De plysje helle de man op. It liket derop dat de fertochte yn de war wie. Op it buro die bliken dat de man earder trochriden is nei in oanriding yn Britswert. De man sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)