Planetarium Frjentsjer ûntfangt twa miljoenste besiker

10 nov 2015 - 12:50

Jeanette Hoeks-van der Meer út it Súd-Hollânske Maasdijk is de twa miljoenste besiker fan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. Tiisdeitemoarn kaam se del. In bysûnder momint, want de besikers binne teld fan it momint ôf dat it Planetarium iepen gie, yn 1781.

Sa'n 45.000 besikers komme der alle jierren nei de eardere wenkeamer fan Eisinga. It museum is dêrom drok dwaande mei in útwreiding yn in gebou neist it Planetarium. Dêr komme de nije entree, hoarekafoarsjennings en romte foar eksposysjes.

Ek digitalisearje meiwurkers fan it museum op it stuit alle dokuminten fan Eisinga. Dat wurk moat mei in healjier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)