Plysje ûntdekt himpkwekerij yn brânend hok Nijewier

10 nov 2015 - 11:46

Yn it hok yn Nijewier dat tiisdeitemoarn ôfbaarnde, siet in himpkwekerij. De plysje hat it terrein ôfsletten foar ûndersyk nei de kwekerij en de oarsaak fan de brân. It fjoer yn de skuorre oan de Bredewei bruts healwei de moarn út.

Ferskate brânwachtkorpsen hawwe it fjoer bestriden. De skuorre gie ferlern, mar de brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare gebouwen yn de buert. By de brân kaam in soad reek frij. Omwenners moasten de ruten ticht hâlde. Der is gjinien ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)