Weststellingwerf wol meibetelje oan kappen beammen

09 nov 2015 - 22:41
  • De Grutte Kamp yn Aldeholtpea

Gemeente Weststellingwerf wol foar in part opdraaie foar de 9.000 euro dy't nedich is om 36 elzen yn Aldeholtpea te kappen. De beammen binne earder troch de gemeente plante oan de Grutte Kamp yn it doarp, mar bewenners blike der slimme allergyske reaksjes fan te krijen. Sa stelt ek de GGD.

De gemeente wol yn prinsipe wol in kapfergunning jaan, mar fynt dat de bewenners dan wol meibetelje moatte. Der moat noch bepraat wurde hoe't de kosten krekt ferdield wurde.

De bewenners fine it spitich dat se foar in part fan de kosten opdraaie moatte, mar binne bliid dat de kap yn alle gefallen tichteby komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)