Gemeenteried Ljouwert skaft brêgewipper net sa mar ôf

09 nov 2015 - 22:35

De gemeenteried fan Ljouwert wol noch gjin ôfskied nimme fan de brêgewipper. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol de betsjinning sintralisearje. De provinsje betellet dan foar de needsaaklike ynvestearrings. Dêr stiet dan foaroer dat it brêgejild oeral ôfskaft wurdt. Op termyn smyt dat in foardiel op fan 100.000 euro.

De grutste partij yn Ljouwert, de PvdA, is lykwols net oertsjûge. Neffens Hein de Haan is de brêgewipper ek in soart fan gasthear foar in stêd of doarp.

De VVD seit lykwols dat it om in moaie besparring giet en dat it boppedat tiidwinst opsmite kin. Sa wurdt de brêge tenei altyd betsjinne.

Trefwurden: 
Ljouwert brêgewipper PvdA VVD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)