Nijhoarne hat Fryske primeur mei natuerbegraafplak

09 nov 2015 - 20:43

Minsken dy't ferstoarn binne, kinne fan no ôf terjochte op it alderearste natuerbegraafplak fan Fryslân. It gebiet leit krekt bûten Nijhoarne en is sa grut as 24 fuotbalfjilden. Der binne sels al guon plakken yn 'e bosk reservearre troch minsken dy't dêr harren lêste rêstplak hawwe wolle.

Nijhoarne is it iennichste doarp mei in natuerbegraafplak. Mar inisjatyfnimmer Ab van Middelkoop is ek dwaande om by Sondel yn Gaasterlân in natuerbegraafplak op te setten.

Dat kin noch jierren duorje yn ferbân mei it oanfreegjen fan de fergunningen en it wizigjen fan it bestimmingsplan. Yn 'e rest fan it lân binne al mear natuerbegraafplakken, dêr't in soad gebrûk fan makke wurdt.

Nettsjinsteande dat der yn 'e takomst deade minsken ûnder de grûn lizze sille, is it gebiet gewoan tagonklik foar minsken dy't yn 'e bosk kuierje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)