Mantelsoargers yn it sintsje setten yn Beetstersweach

09 nov 2015 - 19:35

Op tiisdei 10 novimber is it de Dei fan de Mantelsoarch. Yn it ramt fan dy dei wurdt omtinken frege foar de mantelsoargers dy't yn grutte oantallen yn Fryslân aktyf binne. De gemeente Opsterlân wol yn gearwurking mei Timpaan en learlingen fan de Boargemaster Harmsmaskoalle de mantelsoargers yn it sintsje sette.

Dêrom waard moandei alfêst in gesellige merk foar mantelsoargers organisearre yn doarpshûs De Buorskip yn Beetstersweach. Der wiene tal fan workshops, in red fan aventoer of jo koene gewoan mei-inoar byprate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)