Gemeente Ljouwert presintearret grienbeliedsplan

09 nov 2015 - 18:47

De gemeente Ljouwert wol mear dwaan mei de ideeën fan minsken foar it grien by harren yn it doarp of de wyk. Dat is ien fan de útgongspunten yn it nije grienbeliedsplan dat krekt makke is.

Minsken wolle hieltiten mear sels dwaan mei it grien yn 'e omjouwing. De gemeente wol dat stimulearje. Yn it beliedsplan stiet ek dat der mear dien wurdt mei it grien tusken stêd, doarpen en lânskip. It behear fan it grien bliuwt goed, neffens de gemeente Ljouwert, mar der is wol minder jild beskikber.

Dat betsjut dat de plannen net altiten like flot útfierd wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)