Rixt van der Horst hat rap twadde hynder nedich foar Rio

09 nov 2015 - 16:22
  • Rixt van der Horst

Para-amazône Rixt van der Horst hat hiel fluch in twadde hynder nedich foar de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro takom jier. Har bûnscoach hat dat advisearre foar it gefal har eigen hynder Uniek útfalt. ''Ik bin natuerlik net 24 oeren deis by myn hynder. Hy hoecht mar in gekke bokkesprong te meitsjen of fêst komme te lizzen yn de stâl en hy kin in blessuere oprinne. Dan is it oer mei Rio, dus de druk om in twadde hynder te finen is hiel grut,'' seit Rixt van der Horst.

Noch twa moannen de tiid
In soad tiid is der net mear, want amazônes yn de race foar Rio moatte foar 1 jannewaris trochjaan mei hokker kombinaasjes se nei de Paralympiks geane. Rixt siket no in goeie runner-up foar Uniek. In hynder hiere is finansjeel de bêste opsje.

Twadde hynder is djoer
''It is finansjeel net helber om in twadde hynder te keapjen, dus we moatte sjen as wy in geskikt hynder hiere kinne,'' seit Van der Horst. ''Dêr is yn totaal sa’n 30.000 euro foar nedich. In part fan dat jild hawwe wy sels, mar wy binne ek op syk nei sponsors dy’t it oare part foar harren rekken nimme kinne.''

Ferhuze nei Brabân
Yn maaie is Rixt fan Grou nei Brabân ferhuze, dêr't har trainer Dorien van der Lee wennet. Sa kin se har hielendal rjochtsje op de Paralympiks. Takom july heart Rixt as se definityf by de seleksje foar Rio sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)