Steuring spoarbrêge by Akkrum oplost

09 nov 2015 - 14:57

By de spoarbrêge by Akkrum hat moandeitemiddei in steuring west. Sûnt 14.30 oere moandeitemiddei wie der gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Akkrum. Spoarbedriuw ProRail hie bussen besteld foar de reizgers. De reistiid wie hjirtroch wol mear as in oere langer as normaal.

Rûnwei 16.15 oere wie de steuring ferholpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)