Priiswinner Lyf's: "Wy wolle leaver gjin Michelin-stjer ha"

09 nov 2015 - 13:56

In jubileum foar Restaurant Lyf's út Beetstersweach. It restaurant hat foar de tsiende kear in spesjale ûnderskieding krigen: In Bib Gourmand. Michelin, bekend fan de stjerren, rikt dizze priis alle jierren út. De restaurants wurde beoardiele op iten en de priis fan it iten.

Neffens de eigener fan Lyf's, Theun Rooks, hawwe sy de ûnderskieding fertsjinne om't it restaurant ''in uitstekende prijs-kwaliteit verhouding'' hat. De Bib Gourmand hjit ek wol it ''suske'' fan de Michelin-stjer.

Bib is in ôfkoarting fan Bibendum, de namme fan it bekende Michelin-bannemantsje.

De Bib Gourmand is in opstapke nei in Michelin-stjer, mar dochs wol Rooks dizze stjer leaver net ha. ''As wy in Michelin-stjer krije dan moat de priis ek omheech en dat wolle wy net. Dan hawwe wy it leaver wat drokker, mei in betelbere priis en in goed menu.''

Yn Fryslân hat, neist it restaurant út Beetstersweach, ek It Spijshuys út Boarnburgum in Bib Gourmand krigen. Foar dit restaurant is it de sechtjinde kear op rige dat se de ûnderskieding krije. "Dêr binne we tige grutsk op", seit eigener Simon Lamsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)