Waadferiening easket stranger tafersjoch op gaswinning

09 nov 2015 - 11:43

It ministearje fan ekonomyske saken moat stranger tasjen op de gaswinning ûnder de Waadsee. De Waadferiening hat minister Henk Kamp dêr om frege. Neffens de feriening is der noch hieltiid gjin dúdlikheid oer de boaiemdelgong as gefolch fan de gaswinning.

It ûndersyk nei dy gefolgen wie in wichtige betingst foar it ferlienen fan de fergunning foar de gaswinning. Dy betingsten hienen foar 1 july bekend wêze moatten, mar it is neffens de Waadferiening noch hieltyd net dúdlik wat de gefolgen foar de natuer, it miljeu en de feiligens binne.

De NAM giet neffens de Waadferiening yntusken gewoan troch mei de gaswinning. It ministearje moat dêrom sa gau as mooglik mei dúdlikheid oer de boaiemdelgong komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)