Kollum: "Nynke van der Zee? Noch nea fan heard"

09 nov 2015 - 08:26
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Ha jo al efkes op de webside fan de Weromrop sjoen? Ik kaam dit wykein in prachtige werhelling tsjin fan it berneprogramma Sybe Satellyt. It gong oer de Alvestêdetocht en Sybe ynterviewde Jeen van den Berg fia – jo riede it al – de satellyt. In skattich ynterview, mei in noch skattigere reedrider, dy’t mei sa’n fleurich kondoom-petsje op en yn in retro grien trainingspak foar de kamera stie.

As bern seagen wy alle wiken nei Sybe. Foaral syn hûn Sjef en opfolger Bros fûn ik geweldich. Ik wit noch goed dat wy mei de buert in fersierde wein fan Sybe Satellyt hienen. Buorlju hiene sa’n moaie goudgiele labrador, dus mocht de buorjonge Sybe wêze. Gemien dat ik dat fûn. Ik hie sels Sybe wêze wollen. Dat ik in famke wie en Sybe in man, dêr hie’k net iens by neitocht.

Mar werom nei de Weromrop. Samar ynienen seach ik dit wykein myn jeugdheld werom. De man mei dy waarme stim, dat nuvere petsje op ‘e holle en dy pratende tiidmasine. It wie wer presys de man dy’t yn myn herinnerings wenne yn syn fertroude húske oan it wetter. Ik seach Sybe nammentlik ek al in kear mar doe wie er gewoan Freark. En earlik is earlik: ik skrok der suver fan.

It wie op in prachtige freedtemiddei en ik siet oan it wetter fan de Frjentsjerter Feart yn Britswert. Samar ynienen kuiere Freark Smink it smelle skulpepaadsje del. Ik skrok my de pleuris, ferslikte my yn myn drinken en koe koggeljend noch krekt in smoard ‘Hoi’ útbringe, doe’t syn waarme stim my goeiemiddei winske. Each yn each stie ik mei Sybe Satellyt himsels. It is fansels ûnnoazel, mar toch raar om te sjen dat it ek mar in gewoan ‘gewoan’ minske is.

No sjit ik sawiesa wat yn in nuvere kramp as ik bekende minsken sjoch. Sa kom ik Henk de Jong, trainer fan Cambuur, hast alle wiken tsjin yn it bewegingssintrum dêr’t ik my it swit yn ‘e naad fitnessje. De earste kear dat ik ‘m seach stroffele ik prompt oer in kabel op ‘e grûn en stuitere by in hometrainer omheech. Henk lake syn ‘kin elkenien gebeure’-lachje en kuiere doe deakalm fierder nei it gewichtehok. Hy hie my fansels net herkend en hie gjin idee dat ik nochris in kollum oer him skriuwe soe.

Bekend wêze is in nuver ding. Want oarsom ha’k it ek al ris hân. Dat minsken MY mienden te herkennen. In jier lyn siet ik op in literêre jûn fan De Moanne. In al wat âldere, krease man kaam njonken my sitten en foude syn swarte lange jas foarsichtich oer de stoel. ‘No goeie’ sei er doe’t er him ynstalearre hie. Hy joech my in hân. ‘Dag’, sei ik. ‘Nynke’. Hy seach my nijsgjirrich oan. ‘Nynke’, sei er fol wurdearring. Ik knikte. Nuver. Dizze man hie’k noch nea sjoen, mar hy like my wol te herkennen.

Wat die bliken, hy tocht dat ik Nynke Rixt Jukema wie. Ik hie har wol wêze wollen, mar ik wie it spitich genôch net. ‘Nee’, sei ik. ‘Ik bin tekstskriuwer.’ ‘Ajaaaa’, rôp er entûsjast, ‘no sjoch ik it.’ Dit kear miende er dat ik Nynke de Jong wie. Dy kollumniste fan Boer Zoekt Vrouw en yntusken ek bekend fan De Slimste Mens. Ik skodde op ‘e nij mei de holle en joech him myn achternamme. Ik hearde syn harsens kreakje. ‘Nynke van der Zee, Nynke van der Zee’, mompele er. ‘Nee, noch nea fan heard.’

Mar der is noch hoop, want sûnt ik dizze kollum ha, binne der hieltyd mear minsken dy’t my herkenne. En no is myn grutste winsk fansels dat minsken, as ik letter âld en rimpelich bin, myn namme ergens hearre en as se dan net-begripend de skouders ophelje, dan dat der immen is dy’t seit: ‘Sjoch do mar efkes op de Weromrop.’

Noflike moandei!"

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)