Jonges brekke yn Drachtster buerthûs yn

08 nov 2015 - 13:03

Twa jonges fan 16 út Drachten binne sneontenacht oanhâlden. De plysje fertinkt se fan ynbraak yn in buerthûs oan de Melkkelder. It ynbraakalarm wie ôfgien. De plysje fûn in fernield rút en bloedspoaren. Op basis fan in tsjûgeferklearring koe de plysje even letter beide jonges oanhâlde, ien hie ferwûnings oan syn hân. It is net dúdlik oft der wat stellen is út it buerthûs.

Trefwurden: 
plysje Drachten ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)