Ljouwerter sjit op man yn Swolle

08 nov 2015 - 12:22

In man fan 20 jier út Ljouwert is oanhâlden fanwege in sjitpartij yn it sintrum fan Swolle. De man soe sneintemoarn betiid even foar fjouweren in 18-jierrige ynwenner fan Swolle yn syn skonk sketten hawwe. Neffens de plysje is dat bard yn in fjochtpartij tusken ferskate minsken. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De Ljouwerter is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)