Sint-Nykster slacht man op de noas

08 nov 2015 - 12:06

De plysje hat in 32-jierrige Sint-Nykster sneontenacht oanhâlden op It Hearrenfean. Hy soe in 20-jierrige man út Aldehaske op de noas slein hawwe. Dat wie yn in hoarekagelegenheid oan de Vleesmarkt. It slachtoffer moast foar behanneling nei it sikehûs. De plysje ûndersiket de mishanneling. It is net dúdlik wat de oanlieding wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)