Wenkompleks It Fean tastien

11 apr 2012 - 10:05

In ynwenner fan It Hearrenfean hat in saak by de Ried fan Steat oer de bou fan in wenkompleks oan de Nieuwburen ferlern. It kompleks bestiet út op syn meast 60 wenningen, 16 dêrfan binne geskikt foar bewenning troch minsken mei in beheining.

De Feanster is benaud dat er troch de hichte fan it kompleks syn privacy kwytrekket. Ek fynt er de nijbou net passen yn it histoarysk karakter fan de buert. Neffens de Ried fan Steat hat de gemeente him by it ferlienen fan de fergunning oan alle regels hâlden.

Trefwurden: 
wenkompleks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)