Oerol yn aksje om mear freonen

11 apr 2012 - 07:35
  • Skylge

Oerol besiket op allerhande nije wizen om oan mear jild te kommen foar it festival. Foar it jongste plan waarden tiisdei de Skylger ûndernimmers ynskeakele: de festivalorganisaasje hopet dat sy promoasje-aksjes foar Freonen fan Oerol opsette wolle en freget om plannen.

Aksjes fan de Skylger bedriuwen moatte it oanloklik meitsje om stiper fan Oerol te wurden en fansels klanten nei de winkels lûke. Oerol is foar in grut part ôfhinklik fan de stipe fan de Freonen fan Oerol. Uteinlik kamen tiisdei goed 60 ûndernimmers op de jûn ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)