Mear besunigings Hearrenfean

10 apr 2012 - 20:58

De gemeente Hearrenfean moat opnij besunigje. It giet om in bedrach fan 3,6 miljoen euro. Twa eardere besunigingsrondes hienen al njoggen miljoen opsmiten. De nije ronde komt ûnder oaren troch it groeiend tal bystânsútkearings. Op dit stuit hat Hearrenfean 900 minsken yn de bystân. Ek ferkeapet Hearrenfean minder grûn op it bedriuweterrein en wurde der minder kavels foar huzen ferkocht. Dêrnjonken hâldt Hearrenfean rekken mei ekstra koartings troch it ryk. Om mear jild te krijen wurdt de rioelbelesting ferhege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)