Man falt út mêst sylboat

10 apr 2012 - 18:59

Yn Jiskenhuzen is tiisdeitemoarn in man út de mêst fan in sylboat fallen en swier ferwûne rekke. Dat gebeurde oan it Mastersein. De 41-jierrige man út Langwar woe in faantsje yn de mêst hingje. Hy siet sekere mei in line oan de mêst, mar troch ûnbekende oarsaak klikte in heak los en foel de man op it dek. Personiel fan de traumahelikopter hat holpen de man te fersoargjen, hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)