Keamerfragen Afgaanske famylje

Skoalle Akkrum
De oerpleatsing fan de Akkrumer famylje Samadi moat foarearst net trochgean, want de ferhuzing fan de famylje mei twa lytse bern nei it útsetsintrum yn Katwyk is ûnnedich en bernûnfreonlik. Dat stelle de Twadde Keamerleden Tofik Dibi fan GrienLinks en Martijn van Dam fan PvdA. Se hawwe dêroer fragen steld oan minister Gerd Leers fan Ymmigraasje.
De oerpleatsing fan de famylje soe yn elk gefal útsteld wurde moatte oant de ein fan it skoaljier. Ek soe de famylje de gelegenheid krije moatte yn Akkrum de ferhuzing nei Afganistan ta te rieden.