Noch gjin fergunning Kanaal30

10 apr 2012 - 16:51

Kanaal30, de lokale omrop fan Tytsjerksteradiel, krijt net in foarriedige fergunning om út te stjoeren. Dat hat de rjochter besletten. Ek hat de omrop gjin rjocht op skeafergoeding. Kanaal30 is teloarsteld. De skea is in goeie 20 tûzen euro.

It is allegear te dwaan om de útstjoerfergunning foar Achtkarspelen. Omdat dy net offisjeel is, hat de gemeente Achtkarpselen gjin subsydzje jûn. Omdat it giet om in prosedurele flater, giet kanaal30 derfan út dat it wol goedkomt allegear. Mar it jout allegear wol in soad romslomp.

Luc Tuinstra, foarsitter fan bestjoer fan kanaal30 hopet dat der yn maaie in goeie fergunning leit en dat de gemeente Achtkarspelen dan mei weromwurkjende krêft dochs noch de subsydzje jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)