Plysje fertinkt Snitser fan kontenerbrân

08 nov 2015 - 10:30

In 36-jierrige Snitser is sneontejûn yn syn wenplak oanhâlden. De plysje fertinkt him fan brânstichting. In kontener oan de Looxmastrjitte stie yn de brân en in tsjûge belle mei de plysje om't er ien by de kontener sjoen hie. Op basis fan it sinjalemint koe de plysje de fertochte letter oanhâlde. Hy hie swarte plakken op de hannen. De man is meinaam en sil heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)