Jorrit Bergsma is wer ris de bêste yn de maraton

08 nov 2015 - 00:17

Jorrit Bergsma hat sneontejûn de tredde wedstriid fan de maratonkompetysje yn Deventer wûn. De Olympysk kampioen op de 10 kilometer siet yn in kopgroep fan tsien man. Yn de finale naaide er út en kaam sadwaande solo oer de einstreek. Achter de Boarnster waard Robert Post twadde en Ingmar Berga tredde.

By de froulju wûn Janneke Ensing út Gieten op deselde wize. Daniëlle Lissenberg-Bekkering waard twadde, Boalserter Aggie Walsma tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)