Frysker min foar sjauffeur

10 apr 2012 - 16:09
  • Frysker

Bussjauffeurs yn Fryslân meie fan de Arbeidsynspeksje net langer as fjouwer oeren achterinoar yn de Frysker-bussen ride. De ynspeksje hat dat yn in brief oan Connexxion skreaun. Dat bedriuw naam de Fryskers yn 2007 yn gebrûk foar Noard- en Súdwest-Fryslân.

Sjauffeurs binne fan it begjin ôf oan min te sprekken oer de nije bus. Neffens it fakbûn FNV hawwe se in soad fysike klachten as se te lang achter it stjoer sitte. Foaral de kabine soe te lyts wêze.

Ein fan it jier rekket Connexxion de konsesje kwyt oan konkurrint Arriva en sille de bussen út it strjitbyld ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)