Snitser follybalsters winne nei stroef begjin fan Peelpush

08 nov 2015 - 00:04

De follybalsters fan Snits ha sneontejûn mei 3-1 fan hikkesluter Peelpush út Meijel wûn. De ploech út Limburch begûn sterk oan de wedstriid en wûn de earste set mei 26-24. Dêrnei krige it team fan coach Petra Groenland de fleur. De twadde set gong mei 25-11 nei Snits. Nei in drege tredde set, 25-23 foar de thúsploech, wie it klear. Mei 25-17 waard de wedstriid ôfsletten.

Woansdei spilet Snits wer Europeesk tsjin Gent út België. De earste wedstriid yn België waard mei 3-1 wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)