Snits Wyt Swart lit it skoarend ôfwitte en ferliest fan EVV

07 nov 2015 - 22:24
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits die sneontejûn net wat it dwaan moatst tsjin EVV út Echt: punten pakke. Troch in frommelgoal nei in healoere fan oanfierder Joep op den Kamp fan de Limburgers gong dy ploech mei de 1-0 winst oan 'e haal. De wedstriid tusken de twa ploegen yn 'e ûnderein fan de sneinstopklasse brocht beslist gjin spektakel. Dochs hie Snits fierwei it measte balbesit en nei it skoft ek de wyn 'e rêch. De ploech miste lykwols it fjoer en de oertsjûging om de kânsen te fersulverjen. En thús moatte je sokke wedstriden winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)