Earste útoerwinning SC Hearrenfean

07 nov 2015 - 21:21

Sportklup Hearrenfean hat foar it earst dit seizoen in útoerwinning behelle. Yn Enschede wûn Hearrenfean mei 4-1 fan FC Twente. Nei seis minuten makke Luciano Slagveer de 1-0. Acht minuten letter miste FC Twente-spiler Hakim Ziyech in penalty.

Fiif minuten foar rêst makke Kenneth Otigba troch in blunder fan keeper Joel Drommel 2-0. Nei in dik oere spyljen makke Ziyech 2-1. It like efkes spannend te wurden, mar troch in eigen goal fan Joachim Anderson en Sam Larsson waard de einstân 1-4.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)