Kollum: "Betrouwen"

07 nov 2015 - 14:01
  • De Toan fan Eelke Lok

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Friezen hawwe neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk it measte betrouwen fan alle Nederlanners yn meiminske en maatskiplike organisaasjes. Sterker, Friezen leauwe alles fan tsjerken, plysje en oerheid. No ha se my neat frege, en oare lju binne gewoan, dus dy skreauwen tsjerken en plysjes blyn op. Dat bin je sa wend, ek al miene je der neat fan.

Mar oerheid? De Fryske oerheden? Kom no, jonges. Se stjoere yn Dokkum in goede bestjoerder, Sicco Boorsma, fuort om wat lullichs as in keapsnein. En dan bin alle opposysjepartijen ynienen o sa fertrietlik dat Boorsma fuort moat. No, beneam him dan fuort wer, in wethâlder hoecht net by Rein Ferwerda te hearren. Mar dat dogge se net. Nee, earst mar wer efterkeammerkesgeâldehoer. Oerheidslju bin in steltsje sikers nei âlde ûnwierheden. Foarbyldsje. Hearrenfean hat in djoere ûndersiker ris frege nei it sintrum fan It Hearrenfean te sjen. En, o wûnder, dy skriuwt no itselde as at de bestjoerders sels ek al har hiele libben sjoen hienen: It is net it moaiste sintrum fan de wrâld. Ja, sa sit It Hearrenfean yn elkoar, sûnt de feanarbeiders dêr yn 1551 njonken de lange feart wenjen gienen. As je de buorren trochrinne fan it Boargemaster Kuperusplein oant it gemeentehûs, dan ha je inkeld winkels sjoen. No en. Dêr komme inkeld minsken om te winkeljen seit de ûndersiker. Ja en? Wat wolle dy winkeliers oars. Dat je dêr hinkelje of sa? En der sit bêst wol libben yn it kroegestikje. Dêr wurde oates en toates minsken troch de plysje oanhâlden. No, dan moat it wol gesellich wêze, toch. Ta fergrutting fan de ramp ha de opposysjepartijen yn in sympoasium útfûn dat je ek noch lytse wettersport op It Hearrenfean ha moatte. Dat je mei je sloepke oan de kroech ta farre kinne. Ja hear, dé oplossing foar alles hjir yn Fryslân: wettersport, wetterrekreaasje, boatsjes ensafuorthinne. Betink asjeblieft ris wat oars. Ja, ja, ja, dat sille we dwaan.

We ha fan 'e wike al de Fryske Alliânsje oprjochte. Dat betsjut dat alle organisaasjes de oerheid dan fertelle sille wat der barre moat foar rekreaasje en toerisme. Hjir ha jim 2 miljoen, kom der allegear by en dan mei-haffelje oer de rekreaasje. Foar de safolste kear efter elkoar, fandêr dy âlde ûnwierheden, rjochtet Fryslân wat op yn de rekreaasje. Dan binne der allegear lju dy’t mei-elkoar op in boat sitten gean en dagenlang âldehoere oer hoe’t it allegearre kinne soe. Ja dat sei ’k kinne, net moatte. Want de iennichste dy’t fertsjinnet is it cateringbedriuw. Utkomst: ja we moatte oar jier mar wer 2 miljoen ha om te praten, want der komt te folle wetter yn de Waadsee. Dat binne wer oare diminsjes. Soargje as oerheid no gewoan dat de diken nei de rekreaasje goed binne en dat je De Lemmer en Starum ûntslute. Baggerje de farwegen. Meitsje fytspaden dêr’t de lju yn de doarpen fan sizze dat se dêr en dêr komme moatte en lit dat net in Stenden-jonkje betinke. En rekkenje dan mar dat de ûndernimmers har eigen paad wol fine.

Friese Meren wie goed, echt wurk. Mar Fryslân Markant, Beleef Fryslân, Fryslân Alliansje, no donderje dan daliks alle jild mar yn de feart. Yn de feart nei Dachten bygelyks. We tekenje fan 'e ike no foar it fyfde of sechsde ûndersyk nei in grutte farwei nei Drachten. Alles wurdt foar de safolste kear nochris besjoen. Wêrfoar? Om 110 meter skippen nei Drachten krije te kinnen. Dat kin net mear oer Earnewâld. Mar je komme hoe dan ek oan natuer, rekreaasje en lânbou. De lju yn Drachten wite dêr neat fan en it kin har ek gjin donder skele, mar at je dy moaie natuer en salige sylplakjes ôfpakke, ha se ynienen gjin betrouwen mear yn de oerheid.

Ja mar, Drachten wint dan oan ekonomyske krêft. Nee, dy krêft is inkeld bedoeld foar in pear bedriuwen. En ja dy sille derfan gedije, want dy skippers fertsjinje der net in hout oan, dy farre no noch foar in dûbeltsje de ton. Mar de manlju en miskien ek wol froulju dy’t by dy bedriuwen wurkje, ja dy komme dan oar jier wer wat heger op de list fan de Quote 500-miljonêreploech. No, dêr ha de measte Friezen gjin betrouwen yn."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Eelke’s Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)