Ferlies foar fuotbalfroulju SC Hearrenfean

07 nov 2015 - 12:41
  • Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe sneon mei 3-1 ferlern fan FC Twente. Op eigen fjild kamen de Feanfroulju al nei ien minút spyljen op efterstân. Binnen in kertier stie ek de twadde Twentske treffer op it boerd.

Fuort nei rêst soarge Carmen de Mare foar de oanslutingstreffer. De ploech fan trainer Fred de Boer krige wol kânsen op de lykmakker, mar fersomme te skoaren. Yn de lêste minút wie it úteinlik FC Twente dat foar it slotakkoart tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)