Grutte plysje-aksje tsjin mobyl banditisme

07 nov 2015 - 09:50

De plysje hat freedtejûn op alle grutte tagongsdiken yn Fryslân ferkearskontrôles hâlden tsjin it saneamde mobyl banditisme. Op sân kontrôleposten binne mei-inoar tsientallen weinen en de bestjoerders kontrolearre. Yn ien auto mei in Dútsk kenteken waarden 100 himpstekken fûn. De auto en de himp binne yn beslach nommen, de bestjoerder koe him net legitimearje en is oanhâlden.

Fierders binne bekeurings útskreaun foar technyske mankeminten, ferkearsoertredings en it riden sûnder papieren.

De term mobyl banditisme wurdt brûkt foar nasjonaal en ynternasjonaal reizgjende kriminele groepen.

Trefwurden: 
plysje mobyl banditisme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)