GHB-brûker oanhâlden nei efterfolging

07 nov 2015 - 07:42
  • GHB

De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert nei in efterfolging in 25-jierrige man oanhâlden. De man ried op yndustryterrein De Himrik mei in stikken achterljocht. Doe't de plysje dat kontrolearje woe, naaide de Ljouwerter út. Yn de efterfolging troch de wyk Camminghabuorren waarden snelheden fan 100 km helle.

Uteinlik waard de man klemriden op de Aggemastate. Yn de auto waard ghb fûn. Der is in sterk fermoeden dat de bestjoerder sels ek brûkt hie, en de man ried sûnder jildich rydbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)