Frou wurdt oanriden op sebrapaad en rekket swierferwûne

06 nov 2015 - 20:30
  • Fuotgonger slim ferwûne by oanriding yn Ljouwert [nid: 582207]

Op it Fliet yn Ljouwert is freedtejûn in 39-jierrige frou út Ljouwert slim ferwûne rekke. Se stuts it sebrapaad oer en waard dêr oanriden troch in auto. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik. De plysje docht dêr ûndersyk nei. Wol hat de bestjoerder fan de auto besocht út te wiken. Dêrby rekke er in oare auto.

It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert

Yn de auto's rekken gjin minsken ferwûne. It Fliet hat in skoft ôfsletten west fanwege it ûndersyk fan de plysje en it fuortheljen fan de auto's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)