Bear Boeloe wol Sesamstraat net kwyt

06 nov 2015 - 18:41

It is skande dat Sesamstraat fan NPO1 ferdwynt. Dat seit programmamakker Feije van der Meer, yn reaksje op it nijs dat it berneprogramma fan takom jier ôf jûns allinne noch mar te sjen is op it digitale temakanaal Zapp Xtra.

"It is in programma dat mei safolle fakmanskip en leafde makke wurdt, en dan ferdwynt dat samar fan in fêst plak, dat giet ta skea fan de bern," seit Van der Meer. Hy tinkt dat sa'n feroaring sjoggers kostje sil, wylst bernetelevyzje enoarm belangryk is.

"Dit soart beslissingen wurdt faak makke troch folwoeksenen, dy't miskien net folle mear mei bern ha," seit Van der Meer. "Dêr moat ik foarsichtich mei wêze dat ik dat sis, mar dat tink ik dan."

Feije van der Meer makket al 20 jier berneprogramma's foar Omrop Fryslân, lykas Bear Boeloe, en Kening Hert en Harry Hazze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)