Boeren protestearje tsjin it Europeeske lânboubelied

06 nov 2015 - 16:08

De nije steatssiktaris fan Ekonomyske Saken, Martijn van Dam, hat nije wike syn earste boereprotest te pakken. Leden fan twa organisaasjes meitsje him dan dúdlik dat neffens har it Europeeske lânboubelied desatreuze gefolgen foar har hat. Se doele dan ûnder oare op molkprizen, dy't fier ûnder de kostpriis lizze.

Neffens de Nederlandse Melkveehouders Vakbond en de Dutch Dairymen Board is it Europeeske belied mei te tankjen oan ûnkunde by Nederlânske bestjoerders. Mei it protest wolle de organisaasjes berikke dat Van Dam yn Brussel foar oar belied pleitet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)