Maksimum oantal fytsers winterfytsalvestêdetocht ferhege

06 nov 2015 - 15:24
  • Fytsers yn de snie

De winterfytsalvestêdetocht hat it maksimum oantal dielnimmers ferhege nei 1500. Se starte op snein 14 febrewaris takom jier yn trije groepen. De tocht begjint en einiget by de Alvestêdehal yn Ljouwert.

Snein 15 novimber kinne minsken har ynskriuwe foar de winterfytsalvestêdetocht. Dat kin ek yn de Alvestêdehal. De dei dêrnei kinne belangstellenden har online opjaan.

De rûte is wat oars as ferline jier. Yn 2016 wurdt noch mear de rûte fan de reedriders folge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)