Ogbeche spilet net by SC Cambuur

06 nov 2015 - 13:41

Bartholomew Ogbeche kin snein noch net spylje yn de thúswedstriid tsjin FC Grins. De spits hat noch te folle hinder fan in knibbelblessuere. Cambuur hat mei in blessueregolf te meitsjen. Ofrûne wike waard Calvin Mac-Intosch opereard oan de knibbel. Hy is oant en mei de winterstop útskeakele.

Cambuur hat noch fjouwer fitte ferdigeners oer en dy spylje snein alle fjouwer: Anderson, Peersman, Dammers en Van der Laan. Bakker, Overgoor en Van de Streek binne de middenfjilders. Foaryn spylje Narsingh, Barto en nei alle gedachten Rosheuvel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)