FNV Bouw ferbjustere oer útspraak ûnderbetelling wurknimmers

06 nov 2015 - 13:18

FNV Bouw is ferbjustere oer de útspraak fan de rjochter dat in bedriuw út Gelderlân, Dútske, Poalske en Hongaarske wurknimmers yn de bou nét ûnderbetelle hat.

De rjochter oardielt dat it bedriuw Aelbers de CAO Bouwnijverheid net oertreden hat troch kosten foar húsfesting en reizgjen, troch te berekkenjen oan de wurknimmers.

Earder ûnôfhinklik ûndersyk toande krekt oan dat sy wol te min betelle krigen ha. De wurknimmers wiene ûnder oare oan de slach by de provinsjale bouprojekten Drachtsterwei en de Sintrale As.

FNV Bouw giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter.

Trefwurden: 
FNV Bouw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)