Nije stichting set KPN ûnder druk om âld-fjoertoer Skier

06 nov 2015 - 13:05

Hy wie ea wyt en hy moat wer wyt wurde: de âld-fjoertoer op Skiermûntseach. Sa'n 30 eilanners hawwe tongersdeitejûn in stichting oprjochte om de toer skjin te meitsjen en te renovearjen. 

Grien útslein
De hjoeddeiske eigener KPN brûkt de toer as stjoermêst. Neffens de eilanners ûnderhâldt KPN de toer kwalik, wêrtroch't er yntusken grien útslein is. KPN wie tongersdei ek oanwêzich by de gearkomste.

KPN
Dizze undernimming kostet sa'n 70.000 euro werfân't KPN sa'n 20.000 euro betelje wol. Neffens Thom Verheul, ien fan de oprjochters fan de stichting, is dat te min. "Wy fine dat KPN de helte betelje moat. Sy ha de toer ea kocht foar in symboalysk bedrach van ien gûne. Dan is it fanselsprekkend dat se de toer ek ûnderhâlde." 

By de beurt moat de toer ferve wurde mei in nano coating, wertroch smoargens maklik fuort kin. Derneist moat der in nije kap op de stjoermêst.

Mei de stichting wol Verheul in serieuzere gesprekspartner wêze om de druk op KPN op te fieren. "Wol dat net lukke, dan gean we miskien BN'ers freegjen oft se dizze aksje promote wolle. Ek probearje we subsydzje te krijen omdat it giet om in ryksmonumint."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)