Swimbad Appelskea fernijd

Boskbad Appelskea
Noch dizze moanne wurdt 60.000 euro ynvestearre yn it boskbad yn Appelskea om de gefaarlike gloarynstallaasje te ferfangen troch in sâltelektroalyske ynstallaasje. Dy ynstallaasje moat foarkomme dat der sykten ferspraat wurde kinne yn it wetter. De besteande ynstallaasje is al jierren in probleem.
Doel is dat it bûtenbad dit jier op 28 april wer iepen giet, dêrom moat der gau yngrypt wurde. It swimbad sit njonken kamping De Roggeberg. Mei dêr troch binne der alle jierren 50.000 besikers.