Basisskoallen krije poster mei blanke en donkere Sinteklaas

06 nov 2015 - 12:06

It Sinteklaasfeest moat feroarje fynt anty-diskriminaasjeburo Tûmba. Al in pear jier wurdt der fûl diskussearre oer swarte Piten. Guon minsken fine it kwetsend en diskriminearend dat de Piten swart smynkt wurde.

Ek Tûmba wol wol fan de swarte Piten ôf. Dêrom stjoere se nije wike alle basisskoallen yn ús provinsje in poster mei twa Sinteklazen, in blanke en in donkere. Beide Sinteklazen laitsje en jouwe elkoar in high five.

It is de bedoeling dat bern oan it tinken set wurde oer Sinteklaas en syn Piten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)