Foppe feroaret neat foar wedstriid tsjin FC Twente

06 nov 2015 - 12:00
  • Foppe de Haan

Hearrenfean-trainer Foppe de Haan feroaret neat oan syn opstelling foar de wedstriid tsjin FC Twente. Hearrenfean spilet mei deselde alve spilers as ôfrûne snein tsjin SC Cambuur. Dat betsjut dat Caner Cavlan wer linksbûten stiet, Sam Larsson achter de spits stiet en Lucas Bijker as linksback begjint.

Hearrenfean nimt it sneon yn Enschede op tsjin de ploech fan âld-Hearrenfeanspiler Hakim Ziyech, FC Twente. De Tukkers stean 15e, ien plak leger as Hearrenfean. De ploech fan De Haan hat twa punten mear.

De wedstriid is sneontejûn fan 18.30 ôf live te folgjen op http://www.omropfryslan.nl/live/omrop-fryslan-radio.

Opstelling: Mulder, Van Anholt, Otigba, Van den Berg, Bijker, St. Juste, Thorsby, Larsson, Slagveer, Te Vrede en Cavlan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)