Kollum: "Stoofparke"

06 nov 2015 - 09:04
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

"Us mem liet my grutsk de nije passantehaven fan Drachten sjen. It wie dêr lekker drok en eltsenien wie blier en tefreden. Ik seach gjin terrorbeppes, bern boarten fredich.

Lâns de nije grêf hiene pleatslike ûndernimmers harren guod útstald. It wiene streekprodukten.

Der wie in beantsjeboer op klompen mei moaie Fryske droege beantsjes yn allegear kleurkes, in oar hie farsk rikke iel, en ik seach ek noch Fryske tsiis yn in pream lizzen, mar we moasten noch jild pinne en soenen earst eefkes ite.  

We hiene krêkt ús broadsje yn it nije restaurant oan de spiksplinternije haven trochslokt, of ús heit belle. Der stie reek yn de keet. En der wie net ien thús. 

No binne we wol fan in grapke as ‘roke jo geiten? Nee? Dan stjit jo skuorre yn’e brân!’ , mar dêr wie no gjin tiid foar. De stoofparren!, rôpen we yn koar. De stoofparren, út de tûn, stiene noch op it fornús. 

Us mem der hinne. Ik bleau by de nije Drachtster grêft op har sitten te wachtsjen. No koe ik it allegear eefkes goed besjen. 
Wat in ferbettering tocht ik, fan in best wol suterich stikje Drachten. Sels it fabryk achter de haven sjocht der better út, liket it wol. It hat allegear krekt wat mear glâns krigen.

En de Drachtster skûtsjes komme better ta har rjocht. De nije Jonge Trijntje, it oppimpte skûtsje lei der as in knappe faam by. Dit skûtsje is sa'n súkses dat Sinteklaas syn pakjesboat Carolus ynruile hat foar Trijntje.

Aanst in pear gekleurde en ûngesminkte Piten derop en je ferienigje in geweldich symboal fan in Fryske tradysje, it skûtsje, mei in oare âlde, mar ferbettere tradysje, Sinteklaas. Sa siet ik wat te prakkesearjen.

Us mem kaam werom. De parren wiene ferpitere en it hûs rûkte nei ferbrânde par. Troch alle konsternaasje wiene we de streekprodukten, de Fryske beantsjes en rikke iel en Fryske tsiis fergetten. Spitich. 

Want minsken, alle opbrânde stoofparkes op in stokje, ik wol graach eefkes loftrompetterje oer streekprodukten. Se binne goed foar de lokale ekonomy, want de boer kin in bettere priis freegje, it hoecht hast gjin kilometers te meitsjen, it is meastentiids noch farsk en dus sûner. En as je it dan ek noch mei de fyts ophelje, bin je hielendal goed dwaande. 

Ik bin gjin wittenskapper mar it smakket je gewoan better. Dus as jo de mooglikheid ha om streekrjocht fan de boer te iten: tsiis, molke, ierappels, sipels, griente, aaien, fleis, neam it mar op, soe ik dat fuortendaliks dwaan! En boeren, ferkeapje jim guod ek digitaal, meitsje in moai wykliks abonnemintsje en lit dat troch jonge besoargers by minsken thús besoargje. Ha sy ek wer een baantsje. Want jim ha goud yn hannen.

Ik mis de boeren hjir rûnom Den Haag dêr’t ik eefkes in grouwe pûde ierappels helje kin.

Wat eartiids dus gewoan wie, dat je griente en fleis en suvel by de boer út de buert kochten, is hjir yn dit ferstedske gebiet in lúkse wurden. Dus koesterje it, soe ik sa sizze. Jim wenje yn in gebiet mei lúkse-produkten!

En tink nochris oan ús earme stumpers, as jim yn in farsk ierappeltsje prikke en de fytstassen fol lade mei streekguod, mei Fryske tsiiskes, Beerenburg, aaikes, en strûpmoes fan de boer út it doarp. Lit it jim goed smeitsje."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)