"Bestjoerskrisis Dongeradiel hat allinnich ferliezers"

05 nov 2015 - 23:07

"De krisis yn de koälysje fan de gemeente Dongeradiel hat allinnich mar ferliezers". Dat sei boargemaster Marga Waanders tongersdeitejûn by de riedsgearkomste oer de begrutting fan 2016. Wethâlder Sicco Boorsma naam dêr ofskied fanwege in skeel fan syn partij, de ChristenUnie, mei koälysjegenoaten CDA en de FNP oer de definitive ynfiering fan de keapsnein.

Waanders neamt Boorsma in kundich wethâlder en fynt it skande dat hy fuort giet. Se giet derfan út dat CDA en de FNP in nije koälysjepartner sykje sille en dat der in nije wethâlder komt.

Beide partijen kinne eventueel tegearre fierder omdat se in mearderheid hawwe yn de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)